Internationals fit werom by SC Hearrenfean

18 nov 2016 - 11:00
Reza Ghoochannejhad - Foto: awfoto.nl

De internationals binne allegear wer werom op it Abe Lenstra Stadion. Mar leafst acht basisspilers fan SC Hearrenfean hiene in útnûging krigen foar it nasjonale alvetal. Sam Larsson wie by syn ynterlândebút gelyk trefseker tsjin Hongarije. De Sweedske oanfaller hat tongersdei oanpast traind en begjint tsjin Vitesse yn de basis.

Reza Ghoochannejhad wie it langst ûnderweis. De oanfaller hat mei Iran fuotballe tsjin Papoea-Nij-Guinea (8-0) en tsjin Syrië (0-0). Reza melde him pas tongersdeitemiddei, opfallend fris, op it stadion.

Fraachtekens foar Streppel

It is noch ûndúdlik oft Stijn Schaars en Joost van Aken meidwaan kinne tsjin Vitesse. Beide spilers hawwe wer mei de groep meitraind en binne sa goed as hersteld fan harren blessueres. Pas nei de training fan freed wurdt besletten oft se fit binne. Ek Pelle van Amersfoort is noch in twivelgefal. De middenfjilder is trije wiken lyn operearre oan syn bline term en is fjouwer kilo ôffallen. Nei alle gedachten begjint Van Amersfoort op de bank.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)