Undersyk: ''Biltsk is in mingtaal, gjin dialekt''

It Biltsk is in mingtaal dy't net as in Nederlânsk en net as in Frysk dialekt oanmurken wurde kin. Dat skriuwe de ûndersikers Paulus van Sluis fan de universiteit fan Wales en Eric Hoekstra en Hans Van de Velde fan de Fryske Akademy, yn in wittenskiplik artikel yn it International Journal of the Sociology of Language oer de status en skiednis fan de Biltske taal.
Yn it Ingelsktalige artikel toane de ûndersikers oan dat it Biltsk foarme is út benammen Súd-Hollânske wurden. Letter kamen der Fryske lienwurden by.
Fryske ynslach
De grammatika fan it Biltsk hat in bot Fryske ynslach krigen, trochdat de Biltkers sels meastal twatalich wiene en trochdat der in soad Fryske ymport op It Bilt kaam te wenjen. De gemeente It Bilt hat yn febrewaris in oanfraach yntsjinne by it ministearje fan Binnenlânske Saken om it Biltsk as regionale taal te erkennen ûnder it Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden, dêr't ek it Frysk ûnder falt. It ministearje fan Binnenlânske Saken hat oanslutend de Nederlânske Taalunie om advys frege.