Sven Kramer bliuwt winnen

© ANP
Sven Kramer hat dit reedrydseizoen noch hieltyd gjin wedstriid ferlern. Nei trije eardere oerwinnings wûn de reedrider freedtemoarn by de wrâldbeker yn Nagano ek de 5.000 meter. Kramer die dat yn in tiid fan 6.15.17, dêrmei ferbettere er syn eigen baanrekôr út 2008.
De sulveren medalje gie nei Jorrit Bergsma yn it tiid fan 6.15.70. It lêste plak op it poadium wie foar Douwe de Vries, mei 6.17.65.