Brân by túnsintrum Wolvegea, soad reek yn de saak

© De Vries Media
Troch in brân freedtemoarn yn it tsjettelhûs fan túnsintrum Tuintorado oan de Frisaxsatrjitte yn Wolvegea, stiet der flink wat reek yn de saak. It fjoer bruts om healwei tsienen hinne út. Hoe't dat barre koe, is noch net dúdlik.
De brânwacht fan Wolvegea is mei twa auto's útriden en wie nei in lyts healoere de brân master. Om de reek út it túnsintrum te krijen, wurdt de boel fentilearre.