NHL krijt takom jier minder jild fan ministearje

18 nov 2016 - 08:54

De NHL Hegeskoalle yn Ljouwert is ien fan de seis hegeskoallen yn Nederlân dy't takom jier minder jild krijt fan it ministearje fan Underwiis. Yn totaal giet it om in bedrach fan sân miljoen euro. De ynstellingen hawwe de prestaasje-ôfspraken net helle. Dat hat minister Jet Bussemaker fan Underwiis oan de Twadde Keamer skreaun. Se leit net de folsleine strafkoarting op oan de hegeskoallen.

Neist de NHL giet it om InHolland, Fontys, de Hogeschool Rotterdam, de Hogeschool Leiden en Vilentum. ''Gezien de moeilijke opdracht waar alle hogescholen voor staan en de noodzaak dat ook deze zes hogescholen doorgaan op de door hen ingezette weg om het studiesucces te verhogen en gelijke kansen te bieden aan al hun studenten, zal ik hen de helft minder korten", sa seit de minister.

Sân miljoen euro

De sân miljoen euro giet nei de oare hegeskoallen dy't de prestaasje-ôfspraken wol helle ha. It ministearje fan Underwiis makke yn 2012 prestaasje-ôfspraken mei hegeskoallen en universiteiten om se te beleanjen foar it oantal studinten dat mei sukses ôfstudearret en foar de kwaliteit dy't de skoallen biede.

(Advertinsje)
(Advertinsje)