Kollum: ''Trump''

18 nov 2016 - 08:49

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

''Guon útspraken fan Trump oer froulju hawwe nochal wat konsternaasje teweibrocht de ôfrûne tiid. En ik sil net goedprate wat hy der allegearre útkreamme hat mar it hat my wol oan it tinken set. Ik kin my heuge dat ik yn ‘e rin fan ‘e jierren troch ferskate froulju yn ‘e media útmakke bin foar swaksinnich, lui, bedoarn en wit ik wat mear omdat ik thús wie by de bern. Ik ha my dêr ek bêst wol drok om makke en sa no en dan reagearre ik wolris earne op.

Hoesa swaksinnich, lui en bedoarn? Ik hie de soarch oer fjouwer lytse bern en die de húshâlding ek allinnich. Net omdat Jelle no sa lui is, mar omdat er drok dwaande wie in bedriuw op te bouwen. We diene op alle fronten ús bêst en út eigen ûnderfining koe ik sizze dat it net bepaald sa wie dat ik moarns wekker waard, in pear kear yn ‘e hannen klapte en alles oan kant wie.

Der wie ek in topfrou dy’t fûn dat se lang sa bot net seurde oer de bern as oare memmen wylst se  ek noch mear as fulltime wurke. Dat begryp ik wol want ik ha ek gjin drokte fan de bern as ik dy amper sjoch en ek net fan it húshâlden as in oar it docht. Ik fyn it ek bêst hiel knap as je it kinne mar lit in oar dan yn syn wearde.

Yn guon frouljusblêden stiene wol gauris grimmitige stikken oer mannen. Op in bepaald momint wie ik der sa flau fan dat ik net mear sokke blêden lies mar út en troch kaam ik it dochs noch wolris tsjin. Memmen op it skoalplein wiene de skoalpleinmaffia en mannen net te fertrouwen. Froulju dy’t parttime wurkje krigen ek wol gauris in skop omdat se dan meastal dochs noch ôfhinklik wiene fan sa’n freeslike man.

Wy hawwe in bedriuw en doe’t it sa min gong mei de ekonomy bin ik der wol achter kommen dat we allegearre ôfhinklik fan elkoar binne. Mear as de measten tinke en it is noch kwetsber. En yn dy hiele diskusje oer ôfhinklik wêzen of net binne yn myn eagen de bern it meast ôfhinklik. Dêr komt by dat net ien bern, húshâlding, relaasje of minske gelyk is dus je kinne net alle situaasjes oer ien kaam helje.

Mei stip op ien wie de útspraak fan Trump oer de poeskes. It kaam der op del dat dy fansels achter je oan rinne as je genôch jild hawwe en dan sis ik it hiel netsjes. De wrâld foel oer him hinne. Mar lit der no ek in boek wêze, skreaun troch in frou, dy’t wiidweidich  út ‘e doeken docht hoe’t je dyselde poeskes fakkundich ynsette kinne om in man mei jild oan ‘e heak te slaan. Ik ha der nea immen oer heard.

En in pear wiken lyn lies ik noch in stik op social media , skreaun troch in frou en ek dêryn krigen oaren wer in snear. Froulju kinne dus wol deeglik flinke klappen útdiele, dêr hawwe se echt net sa’n soere sinesapel út de ‘U naait me steeds’ foar nedich.

Sjoch ris wat faker yn ‘e spegel, mar dan net fan ‘e kapper. Dat docht Donald wol. Mei in deade poes fakkundich oer de holle drapearre  sil er grif wol wer ris eat sizze wêrtroch guon froulju oer de seik reitsje. Seikwiven… mar dat sizze safolle mannen! As we dy allegearre de lean útstjoere wolle, bliuwt der net in soad mear oer en in wrâld sûnder boarren is gjin fruchtbere wrâld. We hawwe elkoar nedich, dus toan wat mear respekt. Froulju èn manlju!''

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)