Danny Noppert ferliest fan wrâldkampioen Gary Anderson

18 nov 2016 - 01:32

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is der tongersdeitejûn krekt net yn slagge de kwartfinales fan de Grand Slam of Darts te berikken. Yn in geweldige wedstriid tsjin wrâldkampioen Gary Anderson gie de Jouster krekt mei 10-9 ûnderút. Noppert smiet in sterke partij en like foar in momint de wedstriid nei him ta te lûken. Mei ûnder oaren in 10-darter en in finish fan 164 kaam er op in foarsprong fan 6-4. Uteinlik moast in lêste leg de beslissing bringe. Anderson wie dêryn krekt wat te sterk.

''Super grutsk''

''Ik fûn dat Anderson yn it begjin net echt op syn bêst wie'', sa sei Noppert nei ôfrin fan de wedstriid. ''Doe tocht ik dat ik him pakke koe. Mar nei de earste ûnderbrekking begûn er ynienen better te smiten. Ik baal dat ik dizze partij ferlern ha, mar ik bin net ôfgien. Hooplik kin ik no yn de holle fan de grutte spilers komme. Ik bin super grutsk op mysels.''

De Jouwer

Yn kafee de Stam op De Jouwer waard de wedstriid fan Danny Noppert op in grut skerm útstjoerd. Foar Noppert wie it syn earste optreden op in telefyzjetoernoai fan it lukrative PDC-bûn. Oan de Grand Slam of Darts dogge sawol spilers fan dy PDC as fan it BDO-bûn mei. It toernoai rint noch oant en mei snein, dan wurdt de finale spile.

Trefwurden: 
darten Danny Noppert
(advertinsje)