Slim ûngelok op Poptawei tusken Ljouwert en Marsum

17 nov 2016 - 21:58
Helptsjinsten by ûngelok op Poptawei by Marsum - Foto: Anton Kappers

By in ûngelok op de Poptawei by Ljouwert is tongersdeitejûn even foar healwei tsienen in 26-jierrige Ljouwerter ferwûne rekke. De man ried yn syn bestelwein rjochting Marsum doe't er tsjin in beam knalde. Omdat er in pear kear sei dat der noch ien by him yn de auto siet, hat de brânwacht yn de njonkenlizzende sleat oan it sykjen west. De plysje sei lykwols dat de bestjoerder nei alle gedachten de iennichste ynsittende wie.

Nei ûndersyk die bliken dat de persoan dy't de Ljouwerter neamd hie, gewoan thús wie. De man út Ljouwert is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is bloed ôfnaam, omdat er mooglik drank of drugs brûkt hie. De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Poptawei Marsum beam
(Advertinsje)
(Advertinsje)