"Minima yn Dongeradiel moatte ekstraatsje krije"

17 nov 2016 - 21:35
Foto: sxc stock exchange, David Playford

De fraksjes fan de FNP, it CDA en Algemien Belang Dongeradiel yn de gemeente Dongeradiel wolle dat de gemeente minsken temjitte komt yn de djoere desimbermoanne. It giet dan om minsken mei in smelle beurs, dy't mei de feestdagen dreech wat ekstra's dwaan kinne.

De trije partijen freegje it kolleezje om dúdlikens te jaan oer de mooglikheden dy't der binne om it plan út te fieren. Se soene it leafst sjen dat earmere minsken in ekstraatsje krije dat se besteegje kinne by de middenstân yn Dokkum en omlizzende doarpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)