'Skûlje yn Jorwert' giet takom jier april yn de reprize

Skûlje yn Jorwert © Screenshot JM Teaterwurk
De teaterfoarstelling 'Skûlje yn Jorwert' komt werom. It stik is basearre op it boek 'Nachtboek van een Kerkuil fan Bas van Gelder, dûmny yn oarlochstiid yn Jorwert. Hy moast ûnderdûke yn syn eigen tsjerke.
Der wie noch safolle fraach nei it stik, dat de inisjatyfnimmers besletten hawwe om it yn april 2017 nochris in pear kear te spyljen. De foarstelling begjint mei in kuiertocht troch Jorwert, ek by in útstalling fan oarlochsmateriaal del. Dêrnei giet it publyk nei de tsjerke om it stik te sjen.