Henk Wolf syn boek oer bizar ûngelok is no al útferkocht

Henk Wolf syn boek Een meerkoet in mijn oog is foarearst net mear te besetten fia Bol.com en oare ynternetboekhannels. Bol.com hie trijehûndert eksimplaren op foarried, mar dy wiene samar fuort. Ek yn de boekhannels is it boek net mear te krijen.
Wolf, taalkundedosint en skriuwer, ried op 5 april 2015 yn syn jeep doe’t in merkel troch it foarrút en yn syn each fleach. Yn it boek beskriuwt er op drûchkomyske wize it bizarre ûngelok en syn bjusterbaarlike herstel.
Nije printinge
Wolf skreau Een meerkoet in mijn oog yn it Nederlânsk, mar der sit in soad Fryske dialogen en wurdgrapkes yn. It troch útjouwerij kleine Uil útbrochte boek waard freed 11 novimber yn de Theresia Kapel yn it Grinzer Hoogkerk presintearre.
De útjouwerij komt mei in twadde printinge fan fiifhûndert eksimplaren. As e-book is Een meerkoet in mijn oog no noch wol te besetten.
De dei foar de presintaasje wie Wolf te gast by NPO 1. Ronald Giphart gie mei him yn petear.