Fjirde trein Ljouwert-Zwolle is ein 2017 in feit

De komst fan de fjirde trein tusken Ljouwert en Zwolle hat hast in jier fertraging oprûn. De trein soe eins begjin 2017 ride tusken beide stêden, mar no wurdt it ein 2017.
De fertraging komt troch in elektrisiteitsprobleem. De elektryske spanning op it spoar rint op as mear treinen op in stik spoar ride. De oplossing is dat ProRail oan it wurk sil mei de transformaasjestasjons by it spoar. De oanpassing kostet gewoanwei minimaal twa jier, mar dat wurdt no ien jier.
Druk opfierd
Provinsjale Steaten hawwe deputearre Kramer dêr yn de foarige sit ek nei frege. Hy hat doe sein dat der druk op de NS útfierd wurde soe en dat juridyske stappen net útsletten wurde soene.
"Ik bin bliid dat we der útkaam binne." sa seit deputearre Johannes Kramer yn in reaksje. "Sawol ProRail as NS hawwe harren uterste bêst dien om, nettsjinsteande it elektrisiteitsprobleem, dochs in fjirde trein oan de ein fan 2017 oan te bieden. Dat betsjut dat we der mei-inoar yn slagge binne om ta in gauwere oanpak fan it probleem te kommen en dat de trein rydt foardat Kulturele Haadstêd úteinset yn 2018."