Priis foar diabetesprojekt
It Antonius Sikehûs yn Snits en Emmeloord hat in priis krigen foar in projekt om jongeren mei sûkersykte te begelieden nei mear selsstannigens. Foaral jonge diabetisy soene dêr baat by hawwe. Dat komt om't jonge minsken it faker dreech fine om harren libbenswize oan te passen oan harren sykte.
Mei it programma 'Op Eigen Benen Vooruit' wurdt bern, jongeren en jonge folwoeksenen leard wat se dwaan en litte moatte om goed mei sûkersykte om te gean.