Gazellen Award foar 16 hurdgroeiende Fryske ûndernimmers

17 nov 2016 - 18:15
De FD Gazellen Award is foar hurd groeiende ûndernimmers

Sechtjin Fryske ûndernimmingen krije dit jier in Gazellen Award fan it Financieele Dagblad. Dat binne trije mear as ferline jier. De priis wurdt alle jierren útrikt oan de ûndernimmers dy't de fluchste groei trochmakke hawwe yn de lêste trije jier.

Fryske ûndernimmers dogge it goed: de FD Gazellen út Fryslân hellen yn de ôfrûne trije jier in omsetgroei fan 192%. De provinsje stiet hjirmei yn de top trije fan Nederlân.

De bedriuwen dy't it ekstra goed dien hawwe krigen ek noch in Gouden, Sulveren of Brûnzen gazelle. Hjirby binne ûnder oare FiscFree fan It Hearrenfean (omsetgroei fan 1078%), Spyx Projecten BV út Drachten (omsetgroei fan 764%), DMT Milieutechnologie BV fan De Jouwer (omsetsgroei fan 121%), Probo Sign BV út Dokkum (omsetgroei fan 117%) en Bouwgroep Dykstra Draisma BV út Boalsert (omsetgroei fan 20%).

(Advertinsje)
(Advertinsje)