Koade giel: swiere wynstjitten kommendeweis

Hurde wyn © Omrop Fryslân
It KNMI lit in warskôging útgean foar swiere wynstjitten, hagel en tonger. Dy is fan krêft foar tongersdeitejûn. De warskôging jildt foar Fryslân en de rest fan it noardwestlik kustgebiet. It waarynstitút hat koade giel ôfkundige. It kin oan see oant 90 kilometer yn de oere waaie en mear it lân yn oant 75 km yn de oere.