Top 10: de populêrste Facebookberjochten fan de omrop

De onlineredaksje fan Omrop Fryslân fiert in lyts feestje. Sûnt tongersdei hat de omrop mar leafst 50.000 folgers op Facebook en dêr binne wy tige grutsk op! Us Facebookfreonen wurde alle dagen op ‘e hichte hâlden fan it grutste en opfallendste nijs, dêr’t de omrop mei dwaande is en fansels de nedige (Fryske) ferdivedaasje. Spesjaal foar dit heuchlike feit hawwe wy in top 10 makke fan Facebookberjochten dy’t massaal dield en liked waarden. Yn willekeurige folchoarder.

1. Izelwille

Alle jierren is it wer de fraach oft der in Alvestêdetocht riden wurden kin. Mar sis no sels, ride op in iisbaan foar hûs op de dyk of stoepe is dochs ek machtich moai? Dat is dan wer it foardiel fan izel…

2. Puzelje

Wat hawwe in Frysk hynder, klompen en in Omroplogo mei elkoar te krijen? Neat, mar kinst der wol in leuke puzel mei meitsje en Friezen binne gek op puzeljen blykber...

3. Dûnsjende kij

Wa wurdt no net bliid fan moai waar bûten? De kij fan boer Oosterhof yn Drachten yn alle gefallen wol. Se dûnsen deroer doe’t se nei in lange winter op stâl de greide yn mochten. De bylden giene de hiele wrâld oer.

4. Bleat

Boarstfieding taboe? Net foar mem Justina. As har dochterke Fiora graach drinke wol, kin dat. Ek al sit mem op dat stuit yn in live-telefyzjeútstjoering. En dat soarget foar de nedige diskusje.

5. Donor socht

De krêft fan sosjale media: de sike poppe Sophie makket in soad los. Har âlden dienen in oprop foar in donor foar in nije lever. It berjocht wurdt 2500 kear dield.

6. Friexit

Diskusje garandearre! Moat Fryslân selsstannich wurde of net? #brexit

7. Held

De plysje is dyn bêste freon, dat jildt ek foar einen! Dizze helden rêde in einepykje út in put sadat mem en pykje wer feriene wurde.

8. Us Swarte Goud

Zorro en Dan Brown, beide binne fereale op it Fryske hynder. Dizze earste bylden fan de dokumintêrerige It Swarte Goud fol emoasje en prachtige bylden makken fans oer de hiele wrâld.

9. Frysk is net sa dreech

Pishke-oai? Jaha, sa maklik is it Frysk ast it opskriuwst sa ast it útsprekst. Peaske-aai dus.

10. Búkskowe XL

Wat dochst as it hyt waar is? Krekt, bûten boartsje mei wetter. Yn Easterbierrum binne de yngrediïnten: trekker, lânbouplestik, wetter, sjipsop en fansels de seedyk. En gliidzje mar!