Wenningstichting Achtkarspelen wol hierhuzen betelber hâlde

17 nov 2016 - 15:16
Boelensstate yn Boelensloane

De Stichting Woningbouw Achtkarspelen docht syn bêst om de hierhuzen de kommende jierren sa betelber mooglik te hâlden. Dat stiet yn prestaasje-ôfspraken dy't de wenningstichting makke hat mei de gemeente en de hierdersferiening. Der stiet ek yn dat de wenningstichting him ynsette sil foar senioaren en minsken dy't ferlet fan soarch ha.

It is foar it earst dat de wenningstichting prestaasje-ôfspraken makket mei de gemeente. Se hoopje sa de krimp de baas te kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)