Ferkiezingsdebat by trije noardlike regionale omroppen

Ferkiezings © ANP XTRA
Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe stjoere op 8 febrewaris in ferkiezingsdebat út. It debat wurdt fierd troch de listlûkers fan de lanlike politike partijen en wurdt hâlden yn it provinsjehûs fan Grins. Yn it debat komme sawol lanlike as provinsjale ûnderwerpen oan de oarder.
De útstjoering is streekrjocht te sjen, sawol op telefyzje as fia ynternet. Op de radio wurde flitsen útstjoerd. De lanlike ferkiezings binne op 15 maart.