Auto-ynbraak troch Grouster
De plysje hat yn Ljouwert in 19-jierrige ynwenner fan Grou oppakt, omdat dy besocht yn te brekken yn in auto. Dat wie yn de Carel Fabriciusstrjitte.
De plysje kaam de man op it spoar nei in melding fia 1-1-2. De man waard yn de auto fûn, dy wie er ynkaam troch in rút yn te slaan. De eigner fan de auto moat noch oanjefte dwaan.