Fragen oer Thialf beslút

Thialf © ANP
De steatefraksje fan Friese Koers wol fan deputearre Hans Konst witte wêrom in projektbeslút oer Thialf net earder as yn desimber naam wurdt. It wie de bedoeling om dat beslút al yn septimber te nimmen.
Neffens Friese Koers hat de deputearre grutte muoite om tweintich miljoen euro fan it ryk los te krijen en is dat de reden foar de fertraging. Boppedat soene merkpartijen net ree wêze om tsien miljoen euro by te dragen.
Friese Koers seit fierder dat deputearre steaten ôfwike wol fan de oanbestegingsregels. De fraksje fynt dat soks net troch de bûgel kin, omdat de oerheid syn eigen regels neilibje moatte soe.