Bouwmeester sakket op WK
Sylster Marit Bouwmeester is op it WK Laser Radial yn it Dútske Boltenhagen sakke fan it fiifde nei it sânde plak yn it algemien klassemint.
De titelferdigenster út Warten kaam op 'e tredde dei fan it WK as fiifde en as njoggende oer de streek. Bouwmeester is al wis fan dielname oan de Olympiske spelen yn Londen.