Postma definityf nei OS

Siler Pieter Jan Postma hat him by it WK yn 'e Finnklasse yn it Ingelske Falmouth kwalifisearre foar de Olympiske Spelen yn Londen.
De siler út Terkaple einige op 'e fjirde dei fan it WK twa kear as sechsde en ien kear as achtste. Postma meldde dêrnei op Twitter: "Officieel gekwalificeerd voor de Olympische Spelen, ticket is binnen." Pieter Jan Postma stiet no njoggende yn it algemien klassemint.