Isabelle Saton fan 9 krijt in militêre medalje

17 nov 2016 - 12:34

De njoggenjierrige Isabelle Saton út Sonnegea hat tongersdei in medalje fan de plakferfangend Commandant der Strijdkrachten Rob Bauer krigen. De heit fan Isabelle is militêr en moat geregeld op missy. Sy hat har heit dan ek al in pear kear in oantal moannen misse moatten. De lêste kear wie dit jier, doe't har heit fiif moanne yn Afganistan wie.

Dat binne drege tiden foar sawol de militêren as de gesinnen en dêrom krije de bern dy't harren heit of mem sa lang misse moatte, ek in medalje.

Bang dat heit net weromkomt

Isabelle fynt it foaral it momint fan ôfskied hiel lestich: "Dat vind ik helemaal niet leuk, want dan ben ik soms bang dat hij nooit meer terugkomt". Heit Sarton fynt it ek dreech: "It is in twastriid. Oan de iene kant bist heit en litst dyn frou en dochter achter, mar oan de oare kant bist militêr. It is krekt topsport, do trainst foar de wedstriid en dan wol ek spylje. Gelokkich binne de ferbinings goed en kinne we alle dagen even kontakt hawwe". De mem fan Isabelle fynt it ek dreech foar har dochter, mar it went ek, sa seit se: "we dogge leuke dingen en slaan ús der wol trochhinne. En ik bin hiel grutsk op myn man".

De pony is myn grutte knuffelbeer

Isabelle fynt in soad ôflieding yn de fersoarging fan har pony: "dat is mijn knuffelbeer, als mijn grote knuffelbeer weg is".

Trefwurden: 
Isabelle Saton medalje
(Advertinsje)
(Advertinsje)