Sportklups Hearrenfean en Gersleat winne 10.000 euro

Atletykferiening AV Heerenveen en fuotbalklup VV Gersloot krije 10.000 euro. Se hearre by de njoggen winners fan de Nuon Club Competitie. Dêryn kinne sportklups in idee ynstjoere om enerzjy te besparjen. Der sieten 50 klups yn de finale. It publyk koe dêrnei harren foarkar trochjaan en AV Heerenveen en VV Gersloot hearden by de njoggen klups mei de measte stimmen. Opfallend is dat Gersloot safolle stimmen garre hat. It is nammentlik de lytste fuotbalklup fan Fryslân.
De sportklups kinne it jild net oeral foar brûke, it moat wol ynvestearre wurde yn enerzjybesparrende maatregels.
Sinneboiler en siichstrips
VV Gersloot wol it jild útjaan oan de nije doarpskeamer. "It hokje wat wy no hawwe is oan de ein. Yn april krije we in nije doarpskeamer. Dêr sille we it jild foar brûke, foar in sinneboiler, sinnepanielen en siichstrippen", sa seit Siep Heida. Se binne tige wiis mei de priis. "Wy binne mar hiele gewoane minsken, sa bliuwe we ek. We wurde der troch de priis ek net oars fan. Mar it is fantastysk dat sa'n lytse klup mei 17 leden, dat wy dit hjir binnensleept hawwe. Dat is in wrâldprestaasje."
Ferline jier wûn Harkemase Boys 10.000 euro yn de Nuon Club Competitie. Foar dat jild binne ûnder oare sinnepanielen oanlein op de kantine.