Zara iepenet de doarren yn Ljouwert

17 nov 2016 - 10:30

Yn Ljouwert gie tongersdei yn it eardere V&D-gebou kleanwinkel Zara iepen. De winkel gie om 10 oere iepen, mar de earste klanten stiene earder foar de doar. De winkel hat 3000m2 oer trije ferdjippings. Zara ferkeapet klean foar grut en lyts.

De winkel fynt duorsumens hiel belangryk en hat dêrfoar de nedige maatregels nommen. Dat betsjut dat se no 30% minder enerzjy ferbrûke en 50% minder wetter. De fêstiging yn Ljouwert is de 26e Zara-winkel yn Nederlân en de earste yn Fryslân. Boargemaster Ferd Crone mocht der as earste yn.

Foar de iepening fan de winkel wiene in soad meiwurkers fan Zara út Spanje wei nei Ljouwert reizge. Dy fûnen it yn Ljouwert mar wakker 'frio' (kâld), mar wiene net ûntefreden oer de oanrin. Se woene fierder net mei fertsjintwurdigers fan de media prate, want dat is bedriuwsbelied by Zara.

Trefwurden: 
ZARA Ljouwert V&D
(Advertinsje)
(Advertinsje)