Wer minder Friezen hawwe in WW-útkearing

© ANP
De wurkleazens yn Fryslân is yn oktober wer wat nei ûnderen gien. Der binne no 17.800 minsken mei in WW-útkearing yn Fryslân, krekt wat minder as in moanne lyn. It giet om 5,4 persint fan de beropsbefolking. Lanlik is dat 4,7 persint, skriuwt it UWV.
Benammen de lêste moannen nimt de wurkleazens hieltyd hurder ôf. Mear wurkleazen fine in baan en minder minsken reitsje harren baan kwyt. Yn Fryslân is de wurkleazens no acht moannen op rige ôfnaam.
Minsken út de bou en de lânbou komme it faakst wer oan it wurk, wylst wurkleazen út de finansjele sektor en it iepenbier bestjoer dreger in baan fine.
It UWV meldt net hoefolle minsken fanút in WW-útkearing yn de bystân telâne kaam binne.