Kollum: "Jou de sjoernalisten mar wer de skuld"

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.
"We binne út de krisis, Jacob!
De wurkleazens giet omleech, de ekonomy groeit no foar it tsiende kwartaal efterinoar en it konsumintefertrouwen giet omheech.
Ik wit net asto de slingers al ophongen hast, of dat der fan ‘e jûn fjoerwurk boppe Ljouwert is, mar dit nijs giet in bytsje oan my foarby. Myn ekonomy groeit net sa, ik smoar yn it wurk, mar it wurdt mar beroerd betelle, en myn fertrouwen as konsumint is nul.
Dy krisis begûn yn 2008. Yn Nederlân yn elk gefal, want de "wereldwijde kredietkrisis" begûn al yn 2007. We rinne meastal wat achter. Juster beklage NRC Handelsblad him der oer dat it goede nijs fan it Centraal Plan Bureau oer de groei, eigenlik gjin nijs is. Mei de krisis stiene de sjoernalisten yn hordes foar de doar, seit Mark Harbers fan de VVD. En no sjogge we se net.
Hy hie dy sjoernalisten no wol ha wollen: dan hie hy se moai fertelle kinnen dat it troch de VVD komt dat it no sa goed giet mei ús ekonomy. Mei de kommende ferkiezingen kin hy dat wol brûke, goed nijs.
Mar seit er: goed nijs is gjin nijs.
Ja, jou de sjoernalisten mar wer de skuld. Ik freegje my ôf hoe goed oft it giet. Persoanlik snap ik net sa goed wêr’t it optimisme en de goede sifers weikomme.
De wurkleazens is noch altyd sa’n sân prosint. Mei tradisjoneel Grinslân, Fryslân en Drinte regionaal sjoen mei de meast dramatyske sifers. Selsstannigen ha it swierder as ea. Ja, yn de bou en ynstallaasje giet it goed, mar it gegriem mei regeljouwing soarget foar ferlies fan opdrachten by in soad selsstannigen.
En de boeren, och altyd de boeren… krije se einliks wer in lyts bytsje jild foar harren molke, is dêr de derogaasje… mar sjoch wat dat oan belanget mar even op de site fan de omrop nei wat Eelke Lok hjir juster op dit plak oer sein hat.
Litte we ek de rest fan de wrâld net ferjitte. Wat bart der yn de kommende jierren mei Amearika? Fan ‘e wike is foar it earst yn jierren de rinte omheech gien. Dat klinkt wol aardich, mar it komt troch de ûnwissens dy’t de ferkiezing fan Trump meibringt.
De VS is de grutste ynvestearder yn Nederlân, twa jier lyn noch 645 miljard dollar. Wat bart der as se dat jild leaver dêr hâlde? Trump niget yn dy rjochting. Wat bart der mei ús eksport nei Ingelân, nei de Brexit?
In hegere rinte soarget ek foar in rem op de wenningmerk. Dat betsjut ek wer minder nije keukens en túnhúskes: dus minder wurk foar dy ynstallateurs en boufakkers.
Yn ‘e soarch binne hieltyd minder banen, troch besunigings fan de oerheid. De nije banen dy’t der binne, binne foaral tydlike banen, dus noch minder wissichheid.
Ach, sa kin ik noch wel even troch gean. Kinst sizze dat ik gjin optimist bin, mar ik fyn it goede nijs fan it CBP gewoan net sa oertsjûgjend. We ha it net min, mar we binne ek net sûnder soargen.
Der is ien ljochtpuntsje.
It toskeguod en de sinnebrânkrêm. Dy wurde goedkeaper."