Rekôroantal grutte wite reagers briedt yn Nederlân

In rekôroantal grutte wite reagers hat dit jier yn Nederlân bret. Ek yn ús provinsje sjogge je se hieltyd faker. Yn totaal binne der tusken de 290 en 318 briedpearen teld. In part dêrfan hat in plakje fûn yn de Makkumer Noardwaard.
Dêr briede sy foaral leech yn de beammen dy't yn de sompe stean. It eilân is yn behear by it Fryske Gea en it is it iennichste plak yn Fryslân dêr't de fûgels briede.
Mûzepleach
Dochs wurde der folle mear fûgels sjoen. Dat hat ûnder oaren te krijen mei it oanbod fan fretten. De mûzepleach soarge der bygelyks foar dat der in hiel soad grutte wite reagers nei Fryslân kamen.
It giet boppedat sa goed mei de soart omdat se better beskerme wurde yn East- en Súd-Europa. Ek de waarmere winters pakke geunstich út.