Skiep foar grienbehear foldogge poerbêst

Skieppe-eigener Martin Reitsma is tige tefreden oer in proef dy't de gemeente Tytsjerksteradiel de ôfrûne moannen hold mei syn skiep. De skiep waarden ynsetten om te weidzjen yn Sumar en Oentsjerk. De keppel fan sa'n 200 skiep mei no wer bykomme fan it wurk.
De gemeente fynt de skiep in duorsume oplossing foar it behear fan it iepenbier grien yn Tytsjerksteradiel. Ynkoarten folget der in evaluaasje oer it projekt, as dat posityf útpakt sille der mear lokaasjes komme dêr't de skiep weidzje kinne.