Akke Marije: "Ik hoech net sa bot yn de skynwerpers"

Akke Marije Marinus fan Boarnwert waard trije wike lyn útroppen ta Holland's Next Top Model. Se wûn in kontrakt fan 50.000 euro foar trije jier by in modelleburo. By it telefyzjeprogramma wie se al populêr, mar no is it tiid om de rest fan de wrâld te feroverjen mei har typysk Fryske looks: ljocht hier en blauwe eagen.
"Nei de finale trille myn mobyl de earste trije dagen non-stop, safolle berjochten krige ik fan freonen en famylje. Ik ha no pas it gefoel dat ik wurch wurd fan wat ik allegear belibbe ha, allegear spannende en nije dingen."
"De finale fûn ik it moaiste, rinne op de catwalk en de spanning fan de útslach" fertelt it topmodel by Fryslân Hjoed. "Elkenien wie der, famylje, freonen, kollega's en myn fuotbalteam. It is wol apart dat alles wat ik doch no as bysûnder sjoen wurdt, sels as ik gewoane dingen doch. As ik yn de trein stap lûke minsken my oan de mouwe en wolle mei my op de foto, mar guon sjogge allinne mar en doare neat te sizzen."
Doutzen Kroes
"Ik soe net ruilje wolle mei Doutzen Kroes wat publisiteit oanbelanget. By elke stap dy't sy set stiet de parse te fotografearjen. Dat hoecht om my net. Ik sil bliid wêze as de publisiteit wat sakket, dan kin ik wer gewoan myn ding dwaan. Ik hoech net sa bot yn de skynwerpers."
Wurk
"De opdrachtjouwers steane noch net yn de rige en de opdrachten streame noch net binnen. Ik moat my noch bewize en bin dwaande mei myn portfolio. Dy foto's geane dan de wrâld yn en dan wurd ik hooplik boekt. It earste dat no ûntwikkele wurdt is in eigen parfum."