Fryske âlden tefreden oer media-opfieding bern

In soad Fryske âlden fine it dreech om har bern te beskermjen tsjin gewelddiedige bylden of grof taalgebrûk op telefyzje of op ynternet. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan de GGD Fryslân. Dêr hawwe goed 750 âlden oan meidien.
As bern wat âlder wurde, sjogge sy hieltyd faker gewelddiedige bylden foarbykommen op ynternet, sûnder dat dêr in folwoeksene by is. Hoewol't 82 persint fan de âlden it lestich fynt om dêr mei om te gean, jouwe de âlden harsels wol in 7,2 as it giet om media-opfieding fan har bern.
Bewustwurding fan mediagebrûk
In grutte mearderheid fan 68 persint seit dat se regelmjittich mei har bern prate oer it mediagebrûk. Ek meitsje sy ôfspraken mei har bern oer hoelang't sy achter de kompjûter sitte meie, of spultsjes op de telefoan dwaan meie. Dat is neffens de GGD posityf. It giet net allinnich om minder ynternetten of gamen, mar om bewustwurding oer it eigen gedrach, sa seit de GGD.