Littenseradiel sjocht ôf fan wenningbou It Mêd Hilaard

Hilaard © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De gemeente Littenseradiel wol gjin tiid en enerzjy mear stekke yn wenningbou op It Mêd yn Hilaard. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders oan de gemeenteried.
Al acht jier lyn wie It Mêd, middenyn Hilaard, yn byld foar nije hûzen. De bou kaam lykwols dreech fan de grûn, mar twa jier lyn joech Littenseradiel dochs tastimming foar it bouwen fan fjouwer apparteminten. De projektûntwikkeler hat doe yn it doarp ek in presintaasje jûn fan de plannen, mar de fierdere kommunikaasje ferrûn dreech.
Ofspraken net neikaam
B. en w. sizze dat de projektûntwikkeler him dêrnei net hâlden hat oan de data dy't ôfpraten wiene. Ek is net fersocht om dy data op te skowen.
It kolleezje wol gjin enerzjy mear yn it projekt stekke. Nei de weryndieling yn 2018 heart Hilaard by Ljouwert. B. en w. wolle it dan ek oan Ljouwert oerlitte om mei nije plannen kommen.