UPDATE: Eksploazje op boat Harns, twa minsken ferwûne

16 nov 2016 - 15:21

Twa minsken binne woansdeitemiddei yn it wetter fan de Zuidoostsingel yn Harns bedarre, nei in eksploazje op in boat. Dy eksploazje ûntstie yn de motor fan it skip, sa meldt de brânwacht. Ferskate helptsjinsten waarden alarmearre, wêrûnder in traumahelikopter. De twa minsken binne út it wetter helle en ûndersocht troch ambulânsepersoniel. Dêrnei binne sy mei brânwûnen nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Harns eksploazje boat
(advertinsje)
(advertinsje)