Heemstra State yn Oentsjerk:"Hjir ha ik minsken om my hinne"

16 nov 2016 - 15:20

In bakje kaarten stiet flak njonken de yngong fan Heemstra State yn Oentsjerk. In selsmakke jierdeiskaart kostet ien euro. It kin yn it bakje dat der njonken stiet. In frou rekkenet twa kaartsjes ôf. "Se binne makke troch minsken dy't hjir knutselje." Sels is se alle wiken oan it breidzjen oan de grutte tafel yn de hal fan Heemstra State. Troch de froulju wurdt benammen praat en lake. It is in plak der't se inoar moetsje kinne.

Troch Hayo Bootsma

"Ik yt hjir ek altyd. Ik bin allinnich. Hjir ha ik minsken om my hinne." It is typearjend foar Heemstra State. Yn it ferline is it opset om in nije foarm fan soarch te kombinearjen mei tsjinsten. Yn in lyts plak as Oentsjerk wie dat in útkomst. Lytse ûndernimmers en de berneopfang koene dêr te plak. It groeide út ta in grut ynternasjonaal foarbyld. Mar no rinne tal fan subsydzjes ôf en driget in grut finansjeel tekoart.

Tekoart

Al in pear jier is der in tekoart fan fiif ton. Dat rint op nei goed acht ton takom jier. Soarchynstelling Patyna, dy't it gebou beheart, kin it net oplosse. Patyna wol graach dat it iepen bliuwt. It tsjinstesintrum is fan grut belang foar Heemstra State sels en ek de doarpen dêr omhinne. In projektgroep is no dwaande mei it finen fan in oplossing. Mar dat is gjin maklike opdracht. In man dy't oan it biljerten is sjocht mar ien oplossing: "Der moatte hjir mear minsken komme. It is echt in moai plak. Ik kom sels fan Burdaard. Dit is foar yn de buert it iennige plak der't ik goed biljerte kin."

Ut de gong klinkt muzyk. Der wurdt oefene troch de minsken belutsen by Ryk troch Muzyk."We spylje alles. Fan in mars oant meisjongers." It wurdt wurdearre. Ien fan de bewenners fan it Skewiel sit te genietsjen oan in tafel. "Ja, jild is en bliuwt in probleem. It soe o sa spitich wêze as dat gefolgen hat foar ús. We kinne net maklik in oar plak fine," seit ien fan de muzikanten. En dat is dêr't eins eltsenien benaud foar is: dat se in sintraal plak kwytreitsje.

Moetingsplak

It is de grûnlizzers fan Heemstra State slagge der in moetingsplak fan te meitsjen foar it doarp en de omlizzende plakken. Mar it hat altyd dreaun op subsydzjepotsjes dy't no leech reitsje. As der gjin goede finansjele oplossing komt, is de kâns grut dat der fan dy spilfunksje kwealik mear wat oerbliuwt.

Trefwurden: 
Heemstra State Oentsjerk
(advertinsje)
(advertinsje)