Ljouwerter omkommen by wurksumheden op Teksel
By wurksumheden op in bouplak op Teksel is in Ljouwerter om it libben kaam. It giet om in man fan 23 jier. Hy wie oan it wurk oan de Vuurtorenweg yn De Cocksdorp op Teksel. De Ljouwerter krige in ynstoartende muorre op him.
De arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn, sa meldt de plysje yn Noard-Hollân.