Oprop Ik bin benijd: "Kom út de stoel en lit dy ferrasse!"

"Kom út de stoel en lit dy ferrasse!" Dy oprop docht Gerard de Vries. Hy wie mei syn broer Hans ien fan de dielnimmers ferline jier oan it programma 'Ik bin benijd!'.
Foar de nije edysje fan it programma siket Omrop Fryslân entûsjaste Friezen dy’t ûntdekke wolle wat der yn ús provinsje te dwaan is op it mêd fan keunst en kultuer. Dielnimmers sjogge in foarstelling of geane nei in konsert, in bysûnder museum of kuierje in moaie rûte.
"Doe't ik de oprop ferline jier seach, wie ik fuort entûsjast", fertelt Gerard de Vries. "Ik mei der graach op út gean, mar lit ik my ek graach ferrasse. En dat is wat sa'n programma docht. Stiest op in parkearplak yn 'the middle of nowhere' en witst net wêr't se dy hinne stjoere. Dat is spannend. Ik moat sizze dat ik alle kearen oangenaam ferrast wie. Fan in besite oan in ielrikker oant in besite oan de útstalling Breien! yn it Fries Museum, it wie allegear like nijsgjirrich. Komst op plakken dêr'tst sels net gau hinne giest, mar dan sjochst dat eins oeral wat ynteressants te sjen is."
Wêr moat in kandidaat oan foldwaan?
"Hy of sy moat iepenstean foar nije dingen, aventoerlik wêze en him of har ferrasse litte", seit Gerard de Vries. "Ek al tinkst datst al in soad plakken yn Fryslân kenst, dan wit dit programma foar ferrassingen te soargjen. Sels fûn ik it ek leuk om mei te dwaan oan de opnamen, we ha in soad wille hân. Moatst net benaud wêze foar de kamera. En hy of sy moat tiid ha fansels."
Jou dy op foar de nije searje fan Ik bin benijd.