Frou jaget dieven mei deodorant fuort

© Omrop Fryslân
Mei help fan in buske deodorant hat in 35-jierrige frou fan It Hearrenfean twa dieven ferjage. De manlju mei wite maskers op woene de frou sneontejûn op it Montferlânplantsoen fan har tas berôvje. De frou fersette har tsjin de dieven.
Se trape nei se en spuite de manlju mei de deodorant yn de eagen. Dy skrokken der bot fan en naaiden út yn de rjochting fan de Amelânleane. De frou rekke by de aksje licht ferwûne.
De jonges wiene 1.80 oant 1.90 meter en hiene swarte jassen mei bontrânen en wite Nike-sportskuon oan. De plysje siket tsjûgen fan de mislearre oerfal.