Alfred Miedema krijt Bildtse Kultuurpriis

It gemeentehûs fan It Bilt © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Alfred Miedema út Sint-Anne krijt dit jier de Bildtse Kultuurpriis. Miedema is de driuwende krêft achter in grut tal toaniel- en teaterfoarstellings yn de Biltske taal. Hy wie ûnder oare ferantwurdlik foar lokaasjefoarstellings fan De gouden sweep, Wylde Rixt en Koaning op sokken. Miedema hat ek syn eigen toanielselskip.
De sjuery hopet mei de kar foar Miedema it opfieren fan Biltsktalige stikken yn de nij te foarmjen gemeente Waadhoeke in stimulâns te jaan. De priis wurdt begjin desimber útrikt.