Soad arsjitekteburo's sitte yn finansjele need

16 nov 2016 - 12:53

De wrâld fan de arsjitekten is troch de krisis totaal feroare. De kâns dat it wer sa wurdt as foar de krisis, is lyts. Dat seit Harmen Grunstra, direkteur en eigener fan Grunstra Architecten yn Boalsert. Hy reagearret dêrmei op de jongste konjunktuerpeiling fan de sektorferiening BNA. It giet wer folle better yn de bou, mar in soad arsjitekteburo's fernimme dêr mar in bytsje fan. 

Ien op de fiif buro's sit yn finansjele need. Grunstra Architecten hat troch de ekonomyske krisis ek djip snije moatten. Yn de topjierren wurken der sechstich oant santich minsken by it buro yn Boalsert. Dêr binne noch mar fyftjin fan oer. ''Wy sitte noch net yn finansjele need. Mar it moat wol gau wer oanlûke,'' sa seit eigener Harmen Grunstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)