Danny Noppert: ''Better as myn bêst kin ik net dwaan''

16 nov 2016 - 13:08
Foto: Lawrence Lustig, PDC

It is dochs wol in dream dy't útkomt foar Danny Noppert fan De Jouwer. Tiisdeitejûn hat de 25-jierrige darter himsels fersekere fan in plak yn de achtste finales fan de Grand Slam of Darts yn Wolverhampton, Ingelân. Yn 2011 waard Noppert foar it earst Frysk kampioen, doe by in toernoai yn De Westereen. Takom tongersdei, fiif jier letter, spilet Noppert op telefyzje tsjin twafâldich wrâldkampioen Gary Anderson. Omrop Fryslân folget it aventoer fan Danny Noppert yn Ingelân en lei de Jouster de folgjende fragen foar.

Wiesto senuweftich foar dyn lêste pûlwedstriid?
''Yn it begjin fan de wedstriid wie ik frij nerveus. Letter wienen myn senuwen ynienen fuort. Ik kaam 2-0 achter, mar doe begûn ik better te spyljen. Ik ha de wedstriid dêrnei goed ôfmakke en moaie finishes smiten.'' 

Nei dyn oerwinning wie it wachtsjen op de wedstriid fan Van Barneveld. Hoe hasto dy partij belibbe?
''Dat wie enoarm spannend. Ik hie myn partij wûn, mar Van Barneveld moast eins winne fan Suljovic. Wy hawwe de wedstriid achter de skermen folge. Doe't Van Barneveld úteinlik de partij ôfmakke, wie ik ferromme.''

Hiesto yn it foar ferwachte de pûl troch te kommen?
''Dat fyn it lestich om te sizzen. Ik wist yn it foar dat ik it wol kin. Wol tocht ik dat it dreech wurde soe mei spilers as Van Barneveld en Suljovic. Mar ik hie fertrouwen yn myn eigen spul en moast gewoan genietsje. En dat hat no fertuten dien.''

Hoe is it om no ynienen by de bêste darters fan 'e wrâld te hearren?
''Dat is foar my in dream dy't útkomt. De earste dei wie it wol wat spannend, mei al dy spilers. Raymond van Barneveld en Michael van Gerwen kamen nei my ta om te praten en yn te goaien. Normaal sprutsen sjoch ik dy spilers op telefyzje. Dat is moai om mei te meitsjen.''

Tongersdei spilest do tsjin Gary Anderson, hoe giesto dy partij yn?
''Gary is in hiele goede spiler. Ik moat relaxt bliuwe en net tefolle spanning hawwe. Gewoan goed yngoaie yn it foar en dan sjoch ik it wol. Better as myn bêst kin ik net dwaan.''

Wat dochsto no yn de tuskentiid?
''Ik besykje safolle as mooglik te relaxen. Tegearre mei in freon fan my de stêd yn, wat leuke dingen dwaan. En sa no en dan in Ingelske pub opsykje en in pear pylkjes smite. Mar ik ha ek in soad reaksjes hân fia Facebook en Whatsapp dy't ik graach beäntwurdzje wol. In hiel soad minsken libje mei my mei, dat docht my goed.''  

Danny Noppert spilet tongersdeitejûn de tredde wedstriid tsjin regearjend wrâldkampioen Gary Anderson. De wedstriden binne te folgjen fia RTL7.

(Advertinsje)
(Advertinsje)