Frou mei geweld fan fyts berôve yn Ljouwert

© ANP
In 65-jierrige frou út Ljouwert is woansdeitemoarn mei geweld fan har fyts berôve. Se fytste fia de Borniastrjitte yn de rjochting fan de Aldlânsdyk, doe't in jonge by har achterop de fyts sprong. De frou hâlde op mei fytsen en frege oft er ôfstappe woe. Doe sloech de jonge it slachtoffer hurd yn it gesicht. Hy pakte de swarte fyts ôf en naaide út. Hy smiet noch wol de tas fan de frou nei har ta.
It giet neffens de plysje om in ljochttinte jonge mei in lingte fan sa'n 1.62 meter. Hy hie wite pleisters op de wangen en sportklean oan.
De plysje siket tsjûgen.