Dokkum telt 500 karakteristike gebouwen

Yn de histoaryske binnenstêd fan Dokkum steane 150 ryksmonuminten. Noch mear gebouwen binne lykwols de muoite wurdich. De gemeente hat dêr ûndersyk nei dien en konkludearre dat der 500 karakteristike gebouwen yn en om de stêd steane.
Yn it ûndersyk ha arsjitektuerhistoarisy de kultuer- en bouhistoaryske wearde yn kaart brocht. Se ha goed 3.000 gebouwen oan de bûtenkant besjoen. Oan de hân fan 20 kritearia fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed binne skoares takend. Fan dy list kinne dus 500 as karakteristyk bestimpele wurde.
De gemeente wol bewenners en eigeners bewust meitsje fan de bysûndere wearde fan har gebou. "Ynwenners fan Dokkum wenje yn in skitterjende stêd en meie der ek grutsk op wêze as sy yn in prachtige wenning mei in moai ferhaal wenje", seit wethâlder Albert van der Ploeg.
Bestimmingsplan
Yn 2017 stelt de gemeenteried it bestimmingsplan Dokkum fêst. Dêryn wurde ek de 500 karakteristike pannen oanwiisd. De beskerming fan de haadfoarm fan it gebou wurdt net stranger as ûnder de hjoeddeistige regels fan it beskerme stedsgesicht seit Van der Ploeg. "Wy wolle foarkomme dat der 'foute' ferbouwingen plakfine. As de minsken witte wêrom't harren wenning of gebou sa bysûnder is, sille se der begryp foar ha om it safolle mooglik yntakt te hâlden." By de bestimmingsplanproseduere yn 2017 kinne eigeners mooglik beswier yntsjinje tsjin it oanwizen as karakteristyk gebou.
De gemeente jout woansdeitejûn útlis oer it ûndersyk en set de eigeners fan de 50 moaiste gebouwen yn it sintsje.