Friezen binne sljocht op sûkeladeletters

16 nov 2016 - 10:40

Sinteklaas is noch mar krekt yn it lân, mar dochs hat ien op de trije Nederlanners al in sûkeladeletter opiten. Ut ûndersyk fan de HEMA docht bliken dat Friezen koprinner binne as it giet om it keapjen fan it swiete snobbersguod. Dêrby makket it net safolle út watfoar letter oft se ite.

Dat hoecht dus net perfoarst de begjinletter fan de foarnamme te wêzen. Sterker noch: minsken keapje leaver in grutte letter, lykas de S, A en H, om't se tinke dat dêr mear sûkelade yn sit. Mar neffens de produsint sit yn elke letter likefolle gram.

Neist de bekende smaken as molke, hazzenút-molke, puer en wyt, stiet ek de ûntwikkeling by sûkeladeletters net stil. Nij dit jier is de trendsmaak molkesûkelade mei karamel-seesâlt.

Le Bonbon

By 'chocolaterie' Le Bonbon yn Gytsjerk binne net alle sûkeladeletters like swier. "We maken alles zelf, dus elke letter is anders bij ons" fertelt Gideon Santman fan Le Bonbon. "Een M is natuurlijk groter maar bij de Hema is die letter vaak dunner om toch elke letter hetzelfde gewicht te geven. Wij doen bij de letter I vaak twee letters in een doos, dan lijkt het wat meer." It falt Gideon Santman op dat er in soad letters J ferkeapet. "Blijkbaar beginnen veel Friese namen met een J. Maar de M blijft traditioneel populair, vroeger was dat ook vaak de M voor moeder. Dat zie je bijvoorbeeld terug in de vorm van een banketletter. Zelf hou ik erg van een letter met pralinévulling."

Trefwurden: 
sûkeladeletter Sinteklaas
(Advertinsje)
(Advertinsje)