FrieslandCampina past 'melkgeldreglement' oan

Friesland Campina © ANP XTRA
Suvelkoöperaasje FrieslandCampina kin tenei earder ynspylje op útsûnderlike omstannichheden. De lederied hat der tiisdei it 'melkgeldreglement' foar oanpast. Oanlieding is de glêdens begjin dit jier yn ferbân mei de izel. Dêrtroch koene molkauto's net goed by de boeren komme.
Troch no it reglemint oan te passen kin it bedriuw earder op dit soarte fan omstannichheden ynspylje. It reglemint wurdt gewoanwei ien kear yn de trije jier oanpast, mar FrieslandCampina hat dit beslút nei foaren helle.