AquaZoo en Fûgelhelling nimme maatregels tsjin fûgelgryp

15 nov 2016 - 22:21
Aquazoo

De foliêres yn AquaZoo yn Ljouwert binne tydlik ticht foar besikers tsjin de fûgelgryp. Gefoelige fûgelsoarten moatte foarearst binnen bliuwe. AquaZoo seit mei klam dat der by harsels gjin fûgelgryp konstatearre is. Biste-opfang De Fûgelhelling yn Oerterp is foarearst sletten foar publyk. Minsken kinne noch wol gewoan bisten delbringe foar opfang. De jacht op wylde wetterfûgels is ek ferbean. Jagers binne dêr teloarsteld oer.

De fûgelgryp hat benammen yn Dútslân slachtoffers makke. Mar ek yn Noard-Hollân binne 1200 deade fûgels fûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)