De Friesland ferleget fergoeding, "bûgel inkeld foar elite"

15 nov 2016 - 21:54

Fryske ortodonisten meitsje harren grutte soargen, no't soarchfersekerder De Friesland takom jier allinnich noch de kosten fan in bûgelbehanneling foar bern fergoedet yn de djoerste oanfoljende fersekering.

Neffens ortodontist Christo Boxum fan It Hearrenfean, dy't ek bestjoerslid is fan de Nederlandse Vereniging Orthodonisten, hat De Friesland bekend makke allinnich noch mar de bûgelbehannelingen te fergoedzjen yn de oanfoljende fersekering AV Optimaal. In bûgel is aanst inkeld foar de elite, seit Boxum.

Yn de hjoeddeistige situaasje wurde ek yn de oanfoljende fersekering AV Ekstra de kosten noch fergoede oant maksimaal 1750 euro.

Sels ekstra betelje

Fierder sille minsken yn 2017 ek sels ta de beurs moatte as harren bern in bûgel krijt. "Dat kan in de honderden euro's per kind lopen", seit Boxum. "In de nieuwe situatie wordt er maximaal 1750 euro vergoed voor een beugelbehandeling, terwijl dat in totaal wel zo'n 2000 tot 2250 euro kan kosten. Reken dus maar uit dat ouders zo'n 500 euro per kind zelf moeten gaan bijdragen voor een beugel, naast de al duurderde aanvullende verzekering van zo'n drie tientjes per maand. Een beugel is op deze wijze straks alleen nog maar voor de 'elite' weggelegd, en dat terwijl een beugel pure noodzaak is en zeker niet een of andere schoonheidsbehandeling."

Warskôging

Yn guon wachtkeamers warskôgje ortodonisten harren kliïnten al dat se harren goed ferdjipje moatte yn de nije fersekeringen fan 2017, om foar te kommen dat se aanst hege rekkens presintearre krije. "Wij hebben hier geen enkele inspraak in gehad. Veel mensen in de provincie zijn verzekerd bij De Friesland, maar deze verzekeraar is zichzelf nu echt aan het isoleren. Zo jaag je je klanten toch alleen maar weg als zorgverzekeraar?"

Oergongsregeling

Boxum is bang dat minsken der te let efter komme dat se net goed fersekere binne. Foar de bern dy't no in bûgelbehanneling krije, is der in oergongsregeling, neffens Boxum. "Zij kunnen nog tot 2019 hun beugelbehandeling afmaken voor de afspraken die nu gelden."

Hoe liket it by oare soarchfersekerders?

De Friesland wol sels noch net ynhâldlik reagearje op de krityk fan bûgeltoskedokters. Woansdei meitsje se harren fersekeringspakketten bekend en pas dan wolle se reagearje. Hoe't it by oare soarchfersekerders is, is noch net hielendal dúdlik, neffens Boxum. "De Friesland heeft ons al op de hoogte gesteld, maar van andere zorgverzekeraars verwachten we aan het eind van deze week meer duidelijkheid. Het lijkt erop dat VGZ en Univé geen wijzigingen zullen doorvoeren, maar wat Zilveren Kruis gaat doen, weten we bijvoorbeeld nog niet. Het moet allemaal deze week gaan blijken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)