"Jobsskoalle moat ferfolch krije yn middelber ûnderwiis"

De Fryske Steve Jobsskoallen moatte sa gau mooglik in ferfolch krije op de middelbere skoalle. Dat sei grûnlizzer Maurice de Hond tiisdei by de iepening fan iepenbiere basisskoalle De Steven yn Frjentsjer.
Nei de Master Steve Jobsskoalle yn Snits is it de twadde basisskoalle dy't folslein oergiet op it ûnderwiistype fan De Hond. Basis fan de nije skoallen is dat bern better taret wurde op de rap feroarjende wrâld. De klam leit mear op digitale feardigheden en op it yndividuele learplan dat in bern folget.
Neffens De Hond slút dat noch net oan by hoe't wurke wurdt op de middelbere skoalle. Hy is mei ferskate skoallen yn Nederlân yn petear oer hoe't ek in Steve Jobsskoalle yn it middelber ûnderwiis komme kin. De Hond syn ûnderwiiskonsept hjit Onderwijs voor een Nieuwe Tijd (O4NT).