Oalje-oprêdskippen kinne net oeral komme yn ûndjippe Waadsee

15 nov 2016 - 20:45

In oaljeramp op de Waadsee is net foar te kommen. En as it dan safier is, dan is der ek net in soad dat je dwaan kinne om de oalje op te rêden. De Waadsee is net djip genôch foar de skippen dy't dêrfoar nedich binne. Dat seit Wierd Koops, ynternasjonaal saakkundige op it mêd fan oaljerampen en lektor oan de NHL yn Ljouwert. Koops is al fjirtich jier aktyf yn de oalje. Woansdei nimt er ôfskied fan de Ljouwerter hegeskoalle.

Lit mar gewurde

"Minsken akseptearje faak net dat oalje net altyd opromme wurde kin," seit Koops. "Mar jo moatte it fergelykje mei de brânwacht. As in hûs echt yn de brân stiet, seit dy soms ek: Lit mar útbrâne. As der oalje op de kust komt, sizze minsken: "dit is mis." Mar it is de konsekwinsje fan it feit dat wy oalje ferfiere, dat minsken benzine yn de auto dogge. Dy komt fan oalje. Salang't wy dat dogge, sitte we mei dit probleem."

Kâns is lyts, mar hâld der wol rekken mei

De kâns op in oaljeramp op de Waadsee is hiel lyts, mar we moatte der al rekken mei hâlde, seit Koops. "We ha yn it ferline al in hiele protte rampen meimakke dêr't elkenien yn it foar fan sei: 'dit bestiet net.'"

Nederlân it bêste taret op oaljeramp

Fan alle lannen op de wrâld is Nederlân it bêste taret op in oaljeramp, seit Koops. "Der is net ien lân dat it better kin as Nederlân. Hiel Europa brûkt no in systeem om oalje fan it wetter te feien, dat yn Nederlân ûntwikkele is." Mar ek dat systeem hat beheinings. Boppe wynkrêft seis wurket it net. "As der te folle stroming stiet, as it te hurd waait of as it te ûndjip is, kinne we neat."

Oalje op slykplaten oprêde is problematysk

"Wêr't ik bang foar bin, is in grutte oaljeramp. In lytse oaljeramp kin Rykswettersteat poerbêst oprêde. Mar as der mear as 10.000 kubike meter oalje frijkomt, hawwe we in probleem. Dan sitte we dêr mei. Dat kinne we nea yn in koarte tiid opromje. De oalje komt altyd op de kust telâne, of op in plaat. We moatte ús tariede om it dêr wer ôf te heljen. Fan de kust ôf, of fan de Ofslútdyk, dat is dat net sa dreech. Mar op it Waad hawwe je slikerige platen. Dêr kinne je net op rinne, dan drukke je de oalje der yn. Dat is it grutste gefaar." Der binne plannen foar amfibyweinen op kettingbannen om de ûndjippe stikken op de Waadsee te betwingen, mar dy besteane op dit stuit allinne noch yn teory. "It draait allegearre om jild, en hjir is net in soad mei te fertsjinjen."

Werstel giet rap

Soe it al  misgean op de Waadsee, dan sille we dêr tsien jier letter net in soad mear fan fernimme, seit Koops. "Alle grutte rampen dy't ik meimakke haw - en dat binne der bêst in soad - dêr wie nei tsien jier hast gjin effekt mear fan te sjen. It Waad is in dynamysk systeem. It is kâld en waarm, djip en ûndjip, en it sâltgehalte yn it wetter is ek net altyd gelyk. Sokke dynamyske systemen werstelle yn de regel frij gau."

(advertinsje)
(advertinsje)