Frjentsjerter universiteitsklok krijt plak yn Martenahûs

15 nov 2016 - 20:25

It oerwurk fan de eardere universiteit fan Frjentsjer is werom. De klok waard altyd as ferlern beskôge, mar no docht bliken dien dat er tsientallen jierren op souder stien hat by in âld-meiwurker fan it psychiatrysk sikehûs. Dat siet yn in gebou fan de universiteit, en dêr siet de klok sûnt 1842 yn. Dêrfoar die er tsjinst yn de akademytsjerke.

De klok stamt nei alle gedachten noch fan foar 1650. It diel dat bewarre bleaun is, is it oerwurk dat achter de wizerplaat sit.

Fan de universiteit fan Frjentsjer is net folle bewarre bleaun. It wichtichste dat oerbleaun is, is de biblioteek dy't no troch Tresoar beheard wurdt. Wat der fierder noch is, leit by it Martenahûs yn Frjentsjer. Der sil no ek de klok ek in plak krije.

Trefwurden: 
universiteit Frjentsjer klok
(Advertinsje)
(Advertinsje)