Fryslân krijt filmplatfoarm nei Limboarchsk foarbyld

De provinsje Fryslân sil in Frysk Filmplatfoarm oprjochtsje. Dat hawwe Deputearre Steaten besletten. Dat filmplatfoarm moat derfoar soargje dat filmtalint ûntwikkele wurdt en ek yn Fryslân produksjes draaie kin. It platfoarm moat ek soargje foar in sûn produksjeklimaat, sadat hjir mear films makke wurde. De provinsje wol sa ek befoarderje dat der mear films makke wurde yn it Frysk.
Deputearre Steaten hawwe in ton reservearre foar it oprjochtsjen fan sa'n filmplatfoarm.
Talint yn Fryslân 
Deputearre Sietske Poepjes die earder dit jier noch in foarstel om te besykjen om filmmakkers út Hollywood nei Fryslân te heljen om hjir produksjes te draaien. Op dat foarstel krige Provinsjale Steaten in soad krityske reaksjes. Jonge filmmakkers, mar ek Film in Friesland, joegen doe oan dat it folle belangriker is talint yn Fryslân te ûntwikkeljen en kânsen te jaan. Provinsjale Steaten kamen dêrom yn septimber mei in moasje oer in Frysk Filmplatfoarm en dy moasje wurdt no útfierd.
Frysk filmfûns
Omdat film hiel djoer is oerwaagje Deputearre Steaten om njonken it filmplatfoarm ek útein te setten mei in Frysk Filmfûns mei in jierbudzjet fan fiif ton, mar dêr hat de provinsje noch gjin dekking foar fûn. De jonge filmmakkers fine it wol essinsjeel dat der njonken it platfoarm ek in filmfûns komt, want sûnder startkapitaal wurdt it ferbetterjen fan it filmklimaat in stik dreger.
Nei Limboarchsk foarbyld
Deputearre Steaten litte har by de plannen foar it filmplatfoarm ynspirearje troch Limboarch. Dêr bestiet in Filmplatfoarm ûnder de namme Cinesud en dêr is ek in regionaal filmfûns mei in jierbudzjet fan fiif ton. Dat is krekt genôch om elk jier by te dragen oan twa koarte films, twa lange films en ien bûtenlânske produksje. Dat is net sûnder súkses, want twa jier lyn wûn de Limboarchsktalige film 'Glück Auf' mar leafst fjouwer Gouden Kalveren.
Cinenord
Op fersyk fan de provinsje hat it Limboarchske bedriuw Elbe Steven Films, it bedriuw achter Cinesud, in plan makke foar in Frysk Filmplatfoarm ûnder de wurktitel 'Cinenord'. Elbe Stevens is ek dejinge dy't it Fryske boek De Smearlappen fan Anne Wadman ferfilmet. It plan Cinenord is lykwols noch net iepenbier makke.
Fragen
Ut in brief fan Deputearre Steaten wurdt noch net rjocht dúdlik wat de rol wurdt fan Film in Friesland, de organisaasje achter it Noordelijk Film Festival en Slieker Film yn Ljouwert. Direkteur Jacqueline Schrijver fan Film in Friesland is bliid mei it inisjatyf mei it plan foar in Frysk filmplatfoarm, mar hat ek in stikmannich fragen. Se sil dêroer yn petear mei de provinsje Fryslân.